Gjin swier ferkear oer brêge

© Omrop Fryslân
Oer de brêge Schipsloot yn Nijelamer mei gjin swier ferkear mear ride. Dat hat it kolleezje fan de gemeente Weststellingwerf besletten nei in ûndersyk fan de brêge.
Omwenjenden klagen oer lûdsoerlêst. Troch swier ferkear bûgje de stielen lizzers fan de brêge troch en dat jout lûdshinder. Auto's dy't mear as 3,7 ton wege, meie dêrom net mear oer de brêge. It swiere ferkear wurdt omlaat oer Wolvegea.