Metaalbedriuw GTI staakt

© Omrop Fryslân
Troch de estafettestaking yn de metaalsektor lizze de meiwurkers fan it ynstallaasjebedriuw GTI tiisdei it wurk del. Dizze wike binne lanlike konserns yn de metaal it spearpunt fan de aksjes.
Yn Fryslân hat GTI festigingen yn Ljouwert en Hearrenfean. Woansdei wurdt der staakt troch de meiwurkers fan Imtech. Dat bedriuw hat yn Ljouwert in festiging mei 15 meiwurkers.