Mear leeftydskontrôle horeka

04 mrt 2008 - 12:34

De leeftiden fan besikers fan de horeka yn Snits moatte folle better kontroleard wurde. Dat fine de jongeren yn de stêd, sa docht bliken út in enkête dy't hâlden is troch de Jongeren Advies Raad.

Jongeren wurdt faak net nei har leeftyd frege en diskoteken hawwe dêrtroch ek besikers dy't jonger binne as 16. Dat mei offisjeel net. De útkomsten fan de enkête wurde oanbean oan de gemeentlike polityk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)