Noch 14 plakken foar opfang

04 mrt 2008 - 11:55

Der binne noch 14 gebouwen oer yn Ljouwert dêr't mooglik in opfang foar dak- en thúsleazen komme kin. Dy opfang wurdt lytsskaliger en dêrtroch binne der trije nije lokaasjes nedich.

Ljouwerters koene meiprate oer de lokaasjes en dêrby binne Crystalic, it tydlike provinsjehûs en de Blokhús- poarte al ôffallen. Op 14 plakken, wêrûnder de Buitenschool en twa gebouwen oan de Willemskade, wurdt fierder ûndersyk dien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)