'Vleckehûs moat oanpast wurde'

04 mrt 2008 - 10:47

It Vleckehûs yn Surhústerfean moat oanpast wurde. Dat seit it bestjoer fan it multifunksjoneel sintrum. Sa moat de grutte seal fan it Vleckehûs feroare wurde. Dan kinne der mear aktiviteiten plakfine.

It bestjoer skriuwt dat yn in rapport dat ek besprutsen is troch B&W fan Achtkarspelen. It giet goed mei de aktiviteiten en de sinteraasje fan it Vleckehûs, mar it bestjoer wol wol dat de gemeente meitinkt oer de takomst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)