Gemeente keapet apparteminten

03 mrt 2008 - 16:18

De gemeente Ljouwert hat twa apparteminten kocht om it mooglike lûdsprobleem by poppoadium Romein op te lossen. De gemeente hat 750.000 euro foar de twa apparteminten betelle, mar rekkenet derop dat dizze ynvestearring nei ferrin fan tiid weromfertsjinne wurde kin.

It giet om in tydlike oplossing. As it poppoadium ferhuzet nei in oar plak yn Ljouwert, soene de apparteminten wer ferkocht wurde kinne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)