Boer Jan: 'in moai aventoer'

boer Jan en syn mem besjogge nochris de 102 brieven
Foar boer Jan_Ybema út Allingawier sit it Boer zoekt vrouw-aventoer der op. Sneintejûn wie de lêste útstjoering fan it populaire programma dat boeren oan 'e man of frou helpt.
Boer Jan hat der spitigernôch gjin frou oan oer halden, mar it aventoer wie der net minder om. No't de searje foarby is, mei hy lang om let syn ferhaal ek foar de oare media dwaan. De dielnimmers meie dat net, salang it programma noch rint.