Tefreden folk yn Menameradiel

© Omrop Fryslân
De ynwenners fan de gemeente Menameradiel binne goed te sprekken oer hoe't de gemeente har wurk docht. Dat docht bliken út in ûnôfhinkelik ûndersyk yn opdracht fan de Feriening fan Gemeenten. Benammen op it mêd fan ûnderwiis en bestemmingsplannen docht Menameradiel it better as gemiddeld.
Wol fine de boargers dat de webside en mailbeantwurding troch de gemeente wol better kin. Ek soe de gemeente wol wat mear winkels brûke kinne.