Dochs bisten by Sanjesfertier

28 mrt 2012 - 22:47

De tarieding foar in bistetún by berne-attraksje Sanjesfertier by De Westereen giet gewoan troch. De Partij voor de Dieren wol it tsjinhâlde, mar as alle fergunnings klear binne, wurde de bisten besteld.

It wurdt in saneamde 'belevingstuin'. Besikers meie yn de koaien en hokken sa ticht mooglik by de bisten komme. Ek it natuerhistoarysk museum út Dokkum krijt in plakje yn it rekreaasjesintrum. Der is al in oerdekte boarterstún by Sanjesfertier.

De direksje ferwachtet troch de de útwreiding it tal besikers op te skroeven fan 50.000 nei 80.000. Der wurdt hurd wurke oan de tún en de ferbliuwen fan de bisten. Yn 2013 moat it klear wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)