Earste ljipaai fûn yn Eemnes

03 mrt 2008 - 14:24

It earste ljipaai fan 2008 is fûn yn Eemnes yn de provinsje Utert. De finers wiene Hayo Piersma en Gert Bieshaar, dy't twa jier lyn ek al it earste ljipaai fan Nederlân fûnen. Troch de waarme winter giet om in betiid earste ljipaai. It foarige rekord wie nammentlik 4 maart.

It aai yn de Maatpolder by Eemnes is waarnommen, mar net meinommen. Neffens Stichting Landschapsbeheer giet it om in 'prachtich en fleurich' ljipaai.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)