Kleaster Bloemkamp-eksposysje

© Omrop Fryslân
It Titus Brandsma Museum yn Boalsert wol yn maaie grut útpakke mei it jier fan it religieuze erfguod. It museum wol dan in protte omtinken jaan oan it kleaster Bloemkamp, dat yn it ferline yn Boalsert stie.
Yn it museum sil in spesjale útstalling oer dat kleaster ynrjochte wurde. It Titus Brandsma museum wurket folslein mei frijwilligers. Ferline jier kamen der flink mear besikers as yn 2006, nammentlik sa'n 1700.