Kolk nei finale NK damjen

Gerlof Kolk
Gerlof Kolk fan Britsum hat him dit wykein pleatst foar de finale fan it Nederlânsk Kampioenskip damjen. Kolk wûn sneon syn party fan Anton Schotanus en moast dêrtroch snein in barraazje spylje tsjin Jochem Zweerink. Dy barraazje sette hy nei trije partijen yn winst om.
Ek Iepie Poepjes hat har pleatst foar it NK. It is al foar de 25ste kear dat de ynwenster fan De Lemmer oan de finale meidwaan mei.