Marrit en Sjoerd kampioen

Marrit Leenstra fan Wikel en Sjoerd de Vries fan Twellingea ha dit wykein de Nederlânske sprinttitels binnenhelle. Yn Hoorn wûn Marrit by de junioaren A mei oermacht: winst op alle fjouwer ôfstannen. Sjoerd de Vries waard troch de winst op de beide 1000 meters kampioen by de neo-senioaren.
Fierder wiene der noch twadde plakken foar Ingeborg Kroon by de neo's en Jesper Hospes en Lisette Hoekstra by de junioaren A.