Blauwe hoanskrobber ferdwynt

De Blauwe hoanskrobber
De rôffûgel de blauwe hoanskrobber, de 'blauwe kiekendief', is binnen tsien jier ferdwûn út Nederlân. Dat konkludearret Peter de Boer fan Sovon. Hy hat de ôfrûne jierren ûndersyk dien op It Amelân en Skylge.
Om te oerlibjen moat in spantsje blauwe hoanskrobbers 1,3 jongen produsearje. Troch in tekoart oan iten slagget dat net. De wichichste oarsaak is it weromrinnend tal kninen.