Poging ta strjitrôf

© Omrop Fryslân
In 61-jierrige frou fan It Hearrenfean is sneontejûn it slachtoffer wurden fan in poging ta strjitrôf. De frou rûn oer de Minckelerstrjitte op it Hearrenfean, doe't se oansprutsen waard troch in jonge.
Op itselde momint besocht in oare jonge de frou har tas te pakken. Mar de frou hâldde har tas goed beet. Nei wat triuw- en lûkwurk binne de jonges útnaaid. Fan harren ûntbrekt elk spoar.