Rúzje yn Drachten

02 mrt 2008 - 14:30

Twa Drachtsters (25 en 23 jier) binne snein oanholden troch de plysje, nei in rúzje yn in wenning oan de Schutterswei yn Drachten. Om 02.30 oere hinne kamen de twa, yn it selskip fan ûnbekenden, by de wenning.

Dêr ûntstie al gau rúzje tusken de twa fertochten en de twa bewenners. Ek waard dêrby slein en drige. Doe't de plysje kaam, wiene de twa al útnaaid. Se binne letter dochs oanholden. De twa ûnbekenden binne net mear fûn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)