Crone twifelet oer Cambuur

28 mrt 2012 - 21:44

Boargemaster Ferd Crone fan de gemeente Ljouwert wol earst it oerlis mei de plysjebûnen ôfwachtsje, foardat er in beslút nimt oer it trochgean fan Cambuur-FC Zwolle op snein.

De wedstriid yn de Jupiler league leit ûnder fjoer, omdat de plysjebûnen ACP, NPB en VMHP snein spesjale aksjegearkomsten hâlde foar in bettere CAO. As der te min plysjes oerbliuwe by it duel tusken Cambuur en FC Zwolle, dan kin Crone it trochgean fan de wedstriid ferbiede.

De iepenbiere oarder en feiligens soe dan yn it geding wêze. Crone ferwachtet tongersdei in beslút te nimmen. De bûnen hâlde freed ek al aksjegearkomsten by de wedstriid Go Ahead Eagles tsjin FC Den Bosch. De boargemaster fan Deventer wachtet in koart pleit fan de korpsbehearder fan de plysjeregio IJsselland ôf, foardat er de wedstriid definityf ferbiedt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)