Bedriging op It Hearrenfean

02 mrt 2008 - 14:14

De plysje siket de tsjûge fan in bedriging mei in fjoerwapen op sneontenacht foar it NS-stasjon op It Hearrenfean. Om 01.20 oere hinne waarden twa manlju út Akkrum (20 en 21 jier) foar it stasjon bedrige troch in groep fan fiif man.

Wat de oanlieding wie, wurdt noch ûndersocht. Ien fan de fiif drige dêrby mei in fjoerwapen. De fiif wiene flechte mei in auto. De plysje hat se oanholden op de Abe Lenstra-boulevard.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)