Bataviawerf drokker troch film

'Scheepsjongens van Bontekoe'
De film 'Scheepsjongens van Bontekoe' fan de Fryske regisseur Steven de Jong hat de Bataviawerf yn Lelystêd yn febrewaris in soad ekstra besikers opsmiten. It besikersoantal lei ôfrûne moanne fyftich prosint heger as in jier earder.
Neffens de Bataviawerf komt dat troch de film. Dy is dêr ferline jier opnommen en boppedat wiene der dêrnei noch ferskate aksjes dy't yn it teken stiene fan de film.