Aksje tsjin ferslavingssintrum

02 mrt 2008 - 10:17

It aksjekomitee Zwetteschool protesteart tsjin de komst fan in festiging fan Verslavingszorg Noord- Nederland. Neffens it komitee hat dy plannen om tusken de Swetteskoalle en in tehûs foar bern mei in handikap in ferslavingssintrum te iepenjen.

De aksjefierders fine dat it net neist in skoalle past en binne benaud foar ûnfeilige situaasjes foar de bern. It aksjekomitee hat yntusken hantekens ynsammele by de âlden fan learlingen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)