VC Snits ferliest twadde duel

28 mrt 2012 - 21:00

De follybalfroulju fan Snits hawwe woansdeitejûn de twadde wedstriid yn de finale om it Nederlânsk kampioenskip ferlern. Sliedrecht Sport wie yn de eigen sporthal mei 3-0 te sterk. De setstannen wiene 25-14, 25-23 en 25-19. Ofrûne wykein wist VC Snits de earste wedstriid yn de best-of-five wol te winnen. It waard doe 3-0 foar Snits.

Kommende sneon en snein wurde de wedstriden 3 en 4 spile yn de Snitser sporthal. As de beide tiims dan beide twa duels wûn hawwe, wurdt it beslissende duel yn Sliedrecht spile

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)