Belutsene hynstestriid bedrige

01 mrt 2008 - 16:53
  • De frou woe de hynders meinimme

De frou dy't tongersdeitejûn 23 hynders meinimme woe yn Aldebiltsyl is ûnderdûkt. Neffens har advokaat wurdt se bedrige. De frou soe de hynders tongersdei ophelje by boer Elgersma, mar dy seit dat se fan him binne.

Neffens de advokaat fan de frou kloppet der neat fan dat ferhaal. De hynders binne nei in geheime lokaasje brocht oant de rjochter bepaalt wa't de eigner is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)