ONS Snits wint fan VVOG

01 mrt 2008 - 16:34

Sneonshaadklasser ONS Snits spile op it eigen fjild tsjin VVOG út Hurderwyk. De manlju fan trener Fred de Boer wûnen mei 2-1. Yn de fyfde minút fan de earste helte iepene Tony Alberda de skoare foar de Snitsers.

Ien minút letter makke VVOG de lykmakker: 1-1. Yn de twadde helte soarge Chalong de Bruin foar de winnende treffer. VVOG miste ien minút nei de treffer fan De Bruin ek noch in penalty.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)