Friezetsjerke Rome ferspikere

01 mrt 2008 - 15:38

De Friezetsjerke yn Rome wurdt de kommende moannen foar goed 1 miljoen euro ferspikere. Troch de oanlis fan in nije parkeargaraazje yn de buert fan de tsjerke binne der skuorren kaam yn it dak.

Dêrneist hat de midsieuske tsjerke te krijen mei fochtproblemen. Mei de restauraasje sil besocht wurde om de tsjerke werom te bringen yn de steat fan goed 150 jier lyn. Yn 1860 wie de lêste opknapbeurt nei in brân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)