'Golfsport is rêding fan ljip'

Golfbal mei chip moat ljip rêde
De golfsport is de rêding fan de ljip. Dat tinkt alteast Henk Bulder út Valthermond yn Drinte. Hy hat betocht hoe't je foarkomme kinne dat boeren by it buorkjen nêsten ferniele.
It idee is simpel: je sette in golfbal mei in chip op in prikker, dy fervje je swart en stekke je yn de grûn by in nêst mei aaien. It chipke stjoert dan sa'n selde sinjaal út as wêrmei't produkten yn de winkel beskerme wurde tsjin dieverij.