Aaisikersseizoen wer iepen

01 mrt 2008 - 12:56

Ljipaaisikers mei in jildige pas meie fan sneon ôf wer it lân yn. It aaisikersseizoen rint fan 1 maart oant 1 april. De foarsizzing is dat troch it waarme waar fan de ôfrûne dagen it earste aai al gau fûn wurde sil, nei alle gedachten al nije wike.

Ferline jier jier wie de datum 7 maart. Doe fûn Christiaan Noordhuis it earste aai yn de greiden by Spannenburch.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)