Hynstestriid foar rjochter

Boer Ayzo Elgersma fan Aldebildtsyl fielt him bedondere. Tongersdei hat in doarpsgenoat 22 hynders by him út de stâl weihelje litten. De frou seit eigner te wêzen fan de bisten, mar de boer bestriidt dat.
Nei tuskenkomst fan de plysje binne de hynders nei in geheim plak brocht. De rjochter moat no útspraak dwaan yn it skeel.