Lieuwe Westra yn foarste groep

Hurdfytser Lieuwe Westra fan De Tynje is woansdeitemiddei yn de twadde etappe fan de Driedaagse fan De Panne yn de foarste groep einige. De renner fan Vacansoleil waard 67e.
Winner fan de etappe waard de Dútser Marcel Kittel. Lieuwe Westra stiet no 24e yn it tuskenklassemint, op 6 tellen fan Kristoff út Noarwegen.
De Driedaagse fan De Panne einiget tongersdei mei in koarte moarnsetappe en in yndividuele tiidrit middeis. Lieuwe Westra waard ferline jier twadde yn it einklassemint. Yn 2009, 2010 en 2011 einige er alle kearen as twadde yn de yndividuele tiidrit.