Boaten eilannen út de feart

Gjin riskiko mei fearboaten
Yn ferbân mei de stoarm en it hege wetter is in grut tal boaten fan en nei de Waadeilannen sneon út de feart helle. De earste boat fan Skylge nei Harns giet sneon pas om fjouwer oere. Om healwei sânen giet er dan wer fan Harns nei Skylge. Alle oare ôffearten fan en nei Skylge ferfalle.
Rederij Doeksen is drok dwaande om foar alle toeristen en de auto's in plakje te finen op de boat. Ek foar de oare Waadeilannen jilde oare tiden.