Single Syb fan 10 nei 8

Syb syn single docht it goed (foto: Martin de Jong)
De nije single fan Syb van der Ploeg docht it noch hieltyd goed yn de nasjonale hitlisten. It nûmer 'Als ik jou zie' giet dizze wike omheech fan it tsiende nei it achtste plakje yn de Single Top 100.
It is foar it earst yn jierren dat in Fryske artyst sa heech stiet op de hitlisten. 'Als ik jou zie' komt fan it nije albym 'Hillich Fjoer' dat op 14 maart útkomt.