Soad pakes en beppes nei musea

Natuermuseum tige populêr
Goed 7000 pakes en beppes en har bernsbern hawwe de ôfrûne dagen in besite brocht oan ien fan de Fryske Musea. Dermei is de aksje 'Help pake en beppe de fakânsje troch' neffens de musea in grut sukses.
De pakes en beppes koene mei har bernsbern mei koarting it museum yn. Binnen koene se dan meidwaan oan tal fan aktiviteiten. It wie al wer de sânde kear dat de spesjale fakânsje- aksje fan de musea hâlden waard.