Jonge famkes stelle yn winkels

© Omrop Fryslân
De plysje hat tongersdei op It Hearrenfean trije famkes oanholden foar stellerij. It giet om twa famkes fan 12 jier en ien fan 13 jier. Sy hiene by sân winkels yn it sintrum fan It Hearrenfean guod stellen. By de lêste winkel waarden de famkes trapearre doe't it alarm ôfgong.
De plysje waard warskôge en dy hat de famkes meinaam nei it buro. Se ha proses-ferbaal krigen en meie foarearst net mear yn de winkels komme.