Minnesma fierder yn België

29 feb 2008 - 11:17

Simon Minnesma út Dronryp giet sa goed as wis nei takom seizoen as keatser oan de slach yn België. Minnesma (34) bepraat op dit stuit in kontrakt mei in grutte Belgyske Jeu de Pelote club.

Jeu de Pelote is it wichtichste keatsspul yn België. De topspilers dêryn binne berops. Ek Minnesma makket yn België fan it keatsen syn wurk, yn dieltiid. Foar de oare helte hâldt er syn wurk yn Fryslân. Hy is fan plan om dêr noch twa jier te keatsen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)