Ungelok ôfrit Dronryp-Menaam

29 feb 2008 - 10:39
  • Plysje en brânwacht binne presint
  • It slachtoffer wurdt út de auto helle Foto's : Aise van Beets

Op it krúspunt Dronryp-Menaam by de ôfrit A31 fan Ljouwert nei Harns hat freedtemoarn in botsing plakfûn tusken in persoane-auto en in bestelbus. De bestjoerder fan de persoane-auto moast dêrby troch de brânwacht út de auto helle wurde. De bestjoerderster fan de bestelbus hie gjin ferwûnings.

It ferkear út Dronryp rjochting Menaam moast tydlik omride. De plysje docht noch ûndersyk nei de tadracht fan it ûngelok.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)