Queensrÿche op Wâldrock

29 feb 2008 - 06:46

Mei it fêstlizzen fan de bands Queensrÿche, My Dying Bride en Helmet begjint it programma fan it metalfestival Wâldrock yn Burgum al aardich foarm te krijen.

Yntusken binne der njoggen bands bekend foar de 21e edysje fan it festival dat op sneon 5 july holden wurdt. De oare bands binne Slayer, Life of Agony, Morbid Angel, Lordi, Death Angel en Forbidden. Moarn begjint de foarferkeap fan Wâldrock.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)