Froulju SC H'fean ferlieze wer

28 feb 2008 - 22:43

It frouljusteam fan SC Hearrenfean hat tongersdei mei 3-0 ferlern fan FC Utrecht. Yn de earste helte wiene de Feansters fierwei de bêste ploech. Se krigen trije grutte kânsen mar koene it net ôfmeitsje. Flak foar rêst makke FC Utrecht de 1-0.

Yn de twadde helte giene de froulju wol yn de oanfal mar krigen se al gau in goal tsjin út in frije traap. Dêrnei wie de put der út en rûnen de Utrechters út nei 3-0.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)