Lang wachtsje by saken Hôf

© Omrop Fryslân
Minsken moatte faak fierstente lang wachtsje as se foar bygelyks in skieding of in erfeniskwestje by it gerjochtshôf yn Ljouwert oanklopje. It giet soms om moannen.
Skiedend president van Dijk fan it Hôf fynt it in minne saak. It soe oplost wurde kinne troch in aparte rjochter oan te stellen. Dy soe as in soarte poartwachter saken dy't net lang wachtsje kinne as earste op de rol sette moatte.