"Minister moat beurs lûke"

28 feb 2008 - 19:44

Minister Klink fan Folkssûnens moat trije miljoen euro beskikbers stelle om de operaasjekeamers fan sikehûs MCL yn Harns iepen te hâlden. Dat freget de SP yn de twadde keamer yn in moasje oan de minister.

Yn in keamerdebat fannewike hie de SP de minister al frege om der foar te soargjen dat de operaasjekeamers iepenbliuwe. Klink woe doe gjin jild beskikber stelle, mar sil wol mei de direksje fan it MCL prate.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)