AB Fryslân werft personiel

it agrarysk útstjoerburo siket personiel
AB Fryslân hat al 26 oanmeldingen foar de nije oplieding young farmer. Dat is in oplieding yn de melkfeehâlderij. Dielnimmers krije in scooter om op tiid by de bedriuwen te wêzen dêr't se oan de slach moatte. Foar de oplieding ta meiwurker grienfoarsjenning hat it agrarysk útstjoerburo sân oanmeldingen krigen.
Sneon hâldt AB Fryslân in quad-race. Dêrmei hopet it bedriuw noch mear personiel te krijen.