Wêr moat in bankje komme?

Wêr moat in bankje komme?
Ynwenners fan Ferwerderadiel kinne by de gemeente oanjaan wêr't neffens har in bankje delset wurde moat. De gemeente stelt 15 banken beskikber.
De foarkar giet út nei in sichtlokaasje oan in besteande rekreaasjerûte. De gemeente makket leaver gjin ekstra kosten foar de oanlis fan in kuierpaad of in fytspaad. Ynwenners kinne binnen in moanne reagearje. Dêrnei kiest de gemeente de lokaasjes út.