Ungelok by Harns; dyk ôfset

By in ûngelok op de Zuidwalweg yn Harns binne tongersdeitemoarn twa minsken ferwûne rekke. Krekt nei healwei achten botste in auto frontaal op in frachtauto. Ien fan de ferwûnen is mei de traumaheli nei Grins brocht, de oare mei de ambulânse nei it MCL yn Ljouwert. Troch it ûngelok is de dyk ôfsletten.
It Buro Ongevallenanalyse docht ûndersyk nei de oarsaak fan it ûngelok.