Staking lytsmetaal Feanwâlden

28 feb 2008 - 09:49
  • metaalbedriuwen yn Feanwâlden lizze it wurk del
  • Jaap Jongejan, foarsitter CNV Bedriuwebûn

Tachtich meiwurkers fan Feanwâlden út de lytsmetaal ha tongersdei staakt. It giet om Visser Konstruktiebedrijf en SRI Speciaal Roestvrijstaal Industrie. Se wolle mear lean. De foarsitter fan it CNV-bedriuwebûn kaam yn Feanwâlden om de meiwurkers stipe te jaan.

Goed 100 Fryske bedriuwen yn de lytsmetaal ha in tuskentiidse CAO fan tafel fage. De bûnen wolle 3,5 prosint mear lean. De bedriuwen wachtsje de lanlike ûnderhannelings ôf.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)