Deadlik ûngemak by Makkingea

By in frontale botsing op de N351 tusken Easterwâlde en Wolvegea is woansdeitejûn in man om it libben kommen. It ûngelok gebeurde om kertier oer seizen by de rotonde by Makkingea. Nei alle gedachten is in auto op de ferkearde helte fan de dyk rekke. Dêr botste hy frontaal op in frachtwein.
De autobestjoerder is op it plak fan it ûngelok ferstoarn. De brânwacht hat trije kertier dwaande west him út de auto te krijen. De auto is total loss.