Grutte drokte Ot en Sienmuseum

27 feb 2008 - 17:39
  • Ot en Sienmuseum siket frijwilligers

It Ot en Sienmuseum yn Surhústerfean siket frijwilligers fanwege de grutte drokte. It is fakânsje en alle dagen komme der sawat fjirtich besikers. It echtpear Scheepbouwer runt it museum en kin de drokte hast net mear oan. Se jouwe tekst en útlis, fersoargje iten en drinken en dogge de reservearrings foar groepen.

It museum is noch mar twa moanne iepen en der hawwe al 2000 besikers west. Dat is boppe ferwachting.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)