Doeksen ferfangt Midsland

De Supercat
Rederij Doeksen stekt 20 miljoen euro yn in bettere boatferbining mei de Waadeilannen. Njonken de nije katamaran fan 5 miljoen dy't de Koegelwyk fan 18 april ôf ferfangt yn de snelfaartsjinsten tusken Harns, Skylge en Flylân, wurdt ek fearboat De Midslân binnen twa jier ferfongen.
De nije boat is in katamaran dy't foldocht oan de heechste eko-easken. It nije skip kostet 15 miljoen euro. Wa't it bouwe sil, is noch net dúdlik.