Leechfleanoefening Lauwersmar

27 feb 2008 - 15:12

Yn 'e Marnewaard binne takom wike wer fleanoefenings. Fleantugen út Nederlân en oare NAVO-lannen oefenje yn it ramt fan 'e aksje Basic Windmill. Militêren op 'e grûn moatte de fleantugen yn 'e loft nei doelen loadse.

Boppe it oefenterrein sels mei 75 meter heech flein wurde, yn 'e fyftjin kilometer dêromhinne op 150 meter. Boppe de Waadsee meie fleantugen net leger komme as 450 meter. De oefening is fan 4 oant 7 maart.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)