Hok en auto Harkema ôfbaarnd

27 feb 2008 - 12:20
  • Hok en auto Harkema ôfbaarnd
  • Hok en auto Harkema ôfbaarnd

Op 'e Harkema is woansdei in hok oan 'e Flearen mei in auto deryn útbaarnd. Nei alle gedachten is koartsluting de oarsaak. It hok stie middenyn in nijbouwyk. Der wie gefaar foar oerslaan nei in wenhûs. Dêrom rôp it brânwachtkorps Surhústerfean de help yn fan dat fan Droegeham.

De strjitte hat in skoft ôfset west om de brânwacht de romte te jaan, mar ferkear kin der no wer del. De skea rint yn 'e tsientûzenen euro's.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)