Accell nimt Dútske fabryk oer

© Omrop Fryslân
Fytsefabryk Accell op It_Hearrefean hat it Dútske Ghost_Mountainbikes oernaam. Mei 78 wurknimmers hie it fabryk ferline jier in omset fan 25 miljoen euro. Accell wol it assortiment yn sportfytsen útwreidzje. Yn Dútslân is dêr in soad fraach nei.
De oankeap fan it Dútske fabryk bart mei eigen kapitaal. Om hokker bedrach it giet, is net bekendmakke. Foar it fabryk op It_Hearrenfean feroaret der mei de oername fan Ghost neat.