Enerzjyhûs Gytsjerk súksesfol

28 mrt 2012 - 17:28

It enerzjyloket Gytsjerk wie in grut súkses. Mear as tûzen minsken hawwe it ôfrûne jier de modelwente besocht om ynformaasje te krijen omdat se ferbouwe of nijbouwe woene. It gie om in inysjatyf fan ûndernimmers, banken en de gemeente, dat juny ferline jier úteinsette.

Doel wie om de minsken sjen te litten hoe't sunich mei enerzjy omgien wurde kin. Dat kin troch isolearje, sinnepanielen en goedkeap stoke mei in moderne ynstallaasje. De modelwente is fan de gemeente en wurdt ferkocht. De groep komt foar de winter mei in nij inisjatyf.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)