Ald en Nij: 75 arrestaasjes

Brân yn Haulerwyk
Mear as 75 fertochten binne oant no ta oppakt oar misdriuwen mei Ald en Nij. Der wiene oer de 170 oanjeftes dien. It giet om fernieling, mishanneling, brânstichting, bedriging, geweld en it lestichfallen fan helptsjinsten.
Sa binne yn Haulerwyk tsien minsken oanhâlden foar it lestichfallen fan helptsjinsten. De oanhâldings barden nei't de plysje mei tsjûgen praat hie. Sawol yn Haulerwyk as yn oare plakken sille noch mear arrestaasjes folgje.